Krityk op wethâlder De Haan

06 sep 2001 - 00:00

Wethâlder De Haan fan Ljouwert hat woansdei swiere krityk krigen yn de kommisje bestjoer en middels. It giet om flaters dy't makke binne by it fêststellen fan de ûnreplike saakbelêsting.

De gemeente rint tusken de 2 en 5 miljoen gûne mis, omdat it taryf fan de ûnreplike saakbelêsting net goed fêststeld waard. De Haan fielt har oantaaste troch de affêre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)