Krityk op taalkar fan Ljouwert

01 sep 2010 - 11:32

De gemeente Ljouwert hat krityk krigen oer it taalgebrûk. Yn in folder oer ôffal stiet de ynformaasje net yn it Frysk, mar wol yn it Arabysk en Ingelsk. Fia ynternet kamen dêr in soad reaksjes op.

Neffens de gemeente is foar Nederlânsk, Arabysk en Ingelsk keazen om safolle mooglik ynwenners te berikken. Yn de gemeente wenje mear as hûndert nasjonaliteiten. Friezen kinne wol Nederlânsk lêze en dêrom is net foar it Frysk keazen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)