Krityk op strân ûnterjochte

21 jul 2008 - 14:28
  • Helptsjinsten kinne it strân wol berikke

De gemeente Nijefurd is it net iens mei de krityk op it ôfsluten fan it strân fan Warkum foar helpferlieners. Neffens de gemeente hawwe ambulânse, plysje en brânwacht in kaai om it strân op te kinnen.

Ek de ambulânse-tsjinst is tefreden oer de regeling by it strân fan Warkum. Dat strân is sûnt koart net mear tagonklik foar auto's, de helptsjinsten beskikke oer in kaai fan in peal dy't it strân ôfslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)