Krityk op stoomlieding REC

10 apr 2010 - 10:49
  • De ôffaloven yn oanbou (foto: Omrop Fryslân)

De stichting Afvaloven Nee is tsjin op it beslút fan it Wetterskip in stoomlieding tusken de ôffaloven fan Omrin en it sâltfabryk Frisia yn Harns ta te stean. Wurdfierder Gillissen neamt it beslút ûnferstannich en gefaarlik.

De stifting sil it rapport fan it Wetterskip goed besjen en slút juridyske aksjes net út. Mei de lieding moat it sâltfabryk profitearje fan 'e waarmte fan it ferbaarnen fan it ôffal yn 'e oven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)