Krityk op skrassen feest

14 nov 2007 - 12:15
  • It aldjiersfeest by de Aldehou giet net troch

De fraksjes fan PvdA, VVD, FNP, NLP en ChristenUnie binne fernuvere dat it Aldjiersfeest by de Aldehou net trochgean kin, omdat der net genôch plysje is. De partijen stelle foar om it feest koarter duorje te litten of op in oare wize trochgean te litten. Ek freegje se harren ôf wêrom't sokke feesten yn oare stêden wol kinne.

It doel wie om it nije jier te begjinnen mei fjoerwurk, muzyk en in klok dy't ôftelt nei it nije jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)