Krityk op reorganisaasje plysje

27 jan 2005 - 14:26

Twadde-keamerlid Rendert Algra (CDA) warskôget de boargemasters yn Fryslân foar de gefolgen fan de reorganisaasje- plannen fan de plysje. Yn dy plannen stiet ûnder oare dat in part fan de plysjeregio's skrast wurdt. Ek wurdt de top fan de plysje úttinne.

Algra is benaud dat troch de reorganisaasje it kontakt tusken de plysjes en de gemeenten minder wurdt. Dat soe neffens it CDA-keamerlid de feiligens net ten goede komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)