Krityk op plannen Beetstersweach

19 jun 2001 - 00:00

Gemeenteried en befolking ha skerpe krityk op it wensoarch-projekt dat de gemeente Opsterlân realisearje wol op en by it fuotbalfjild fan Beetstersweach.

De Sweachsters fine dat se te let belutsen binne by de plannen. Pleatslik belang hat op sneon in protestgearkomste belein. Yn de gemeenteried is it draachflak foar it plan fan wethâlder Duursma (CDA) minimaal. Op 2 july is it beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)