Krityk op nije fjoerwurkregels

15 maaie 2014 - 11:05

It werombringen fan de ferkeap fan fjoerwurk fan trije nei twa dagen en it ferkoartsjen fan de ôfstektiid is ûnsinnich en feroaret neat. It sil allinnich mar soargje foar mear drokte en gaos yn de winkels. Dat seit Hans Jansen fan fjoerwurkhannel Nirvana yn Ljouwert yn reaksje op it lêste kabinetsfoarstel om de regels foar foarwjurkferkeap en -gebrûk oan te skerpjen.

Neffens Jansen sille de foarstellen neat úthelje omdat minsken dochs fjoerwurk ôfstekke wolle. Jansen tinkt dat de nije regels de yllegale hannel yn 'e kaart spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)