Krityk op nije bystânsoanpak

05 feb 2013 - 12:48
  • Ad van der Kolk

Gemeenteriedslid Ad van der Kolk fan Súdwest-Fryslân hat grutte muoite mei de plannen fan trettjin gemeenten yn Noard- en Súdwest-Fryslân om minsken yn 'e bystân ferplichte foar har útkearing wurkje te litten. Wurksykjenden dy't wurk wegerje kinne op har útkearing koarte wurde.

Ad van der Kolk fan Totaallokaal fynt dy oanpak net ridlik. As je minsken wurkje litte, dan moat dat ridlik betelle wurde. Minsken yn 'e bystân wurde yn de nije regeling wol hiel kwetsber, sa fynt hy. Van der Kolk sil yn de ried tsjin de nije oanpak stimme.

De trettjin belutsen gemeenten sille de nije oanpak woansdei presintearje. De kearn fan it plan is dat gemeenten minsken yn 'e bystân yn gearwurking mei sosjale wurkfoarsjenning Empatec oan it wurk sette sil. Bedriuwen as Floron yn Boalsert, supermerkketen Poiesz yn Snits en Smeding griente en fruit sille oan it projekt meidwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)