Krityk op namme Friese Meren

27 sep 2010 - 17:23

Yn de nije Súdwesthoekegemeente falt de wurktitel fan de fúzjegemeente fan Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân net goed. Dy namme 'De Friese Meren' dekt de lading net, fynt beëage gemeentesiktaris Johan Krul.

De namme Friese Meren sil foar betizing soargje, sa tinkt er, omdat wettersporters by dy namme earder oan Snits en Heech tinke as oan De Jouwer en Balk. Boppedat freget Krul him ôf wat de ynwenners fan de nije gemeente fan de namme fine sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)