Krityk op keapadvys Bijleveld

05 feb 2010 - 17:26

Makelers op it plattelân binne net bliid mei it advys fan steatssiktaris Bijleveld fan Ynlânske Saken. Minsken moatte neitinke eart se in nijbouhûs op it plattelân keapje. Troch de krimp driget leechstân en dat makket it dreech de wente wer te ferkeapjen.

Neffens makeler Boskma fan Sint Anne is sa'n opmerking net sa handich yn in tiid dat it al net sa goed giet mei de wenningmerk. Hy is benaud dat de nijbouplannen yn de lytse doarpen sa hielendal op slot komme te sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)