Krityk op hege lean topman

11 maaie 2011 - 13:47

Enerzjymaatskippij Nuon giet te fier mei in leansferheging fan 70 prosint foar topman Huib Morelisse. Dat seit deputearre Jannewietske de Vries. Se docht in moreel berop op de Rie fan Kommissarissen om dit net troch te setten. De leansferheging komt yn it plak fan de bonus dy't Morelisse ferline jier noch krige.

De topman fertsjinnet aans trijekwart miljoen euro. Oant juny hat de provinsje mei oare oerheden 51 prosint fan de oandielen Nuon yn hannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)