Krityk op farferbod

30 nov 2010 - 14:02

Baggerbedriuwen binne oerfallen troch it farferbod dat de provinsje ynsteld hat. Dêrtroch kinne se harren wurk net mear dwaan. De provinsje hat tiisdei oerlein mei skippersferiening Schuttevaer. Ofpraat is dat bedriuwen dy't oan it wurk binne yn gebieten dêr't noch gjin iis leit, trochwurkje kinne. De provinsje sil dat talitte.

Schuttevaer is bliid mei de maatregel. Se hiene fan oansletten bedriuwen in soad klachten krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)