Krityk op Dokterswacht Drachten

18 nov 2003 - 00:00

De Dokterswacht yn Drachten wurket net goed. Dat fine guon leden fan de riedskommisje Mienskip en Soarch fan de gemeente Smellingerlân. Neffens harren kin de soarch folle better. Wethâlder Beerda-Hoogeveen seit lykwols dat der neat te rêden is.

De krityk kaam moandei nei foaren by de behanneling fan it sûnensbelied fan 'e gemeente. Op it aljemint kaam ek in idee foar in tal sûnenssintra yn 'e ûnderskate wiken fan Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)