Krityk op bou nij teater Snits

09 nov 2010 - 11:57

De bou fan it nije teater yn Snits is al lang begûn, mar ferskate partijen yn de kommende ferkiezingen wolle de stekker út it projekt lûke. GrienLinks en Feriene Lofts wolle in soberder útfiering en Gemeentebelangen Súdwest-Fryslân stiet ek kritysk tsjinoer it teater. Totaal Lokaal wol der hielendal mei ophâlde.

Neffens teaterdirekteur Van der Knaap kostet ophâlde mear jild as trochgean. Dat komt om't kontrakten mei oannimmers ôfkocht wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)