Krityk oanstelling listlûker

28 mrt 2010 - 13:36
  • Foto: Omrop Fryslân

De oanstelling fan Hans Konst as PvdA-listlûker foar de provinsjale ferkiezings yn maart takom jier is ûndemokratysk ferrûn. Dat fine guon partijleden. De deputearre is troch it gewestlik bestjoer nei foaren skood, sûnder tsjinkandidaten. Sadwaande koe dus net stimd wurde.

By in folgjende gearkomste kin formeel noch wol stimd wurde oer de folchoarder op 'e list. Mar mei in nij boechbyld komme is neffens de leden net mear mooglik foar de ferkiezings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)