Krityk FNP op oerdracht pieren

30 apr 2014 - 06:49

De FNP hat grutte krityk op de deal tusken Wetterskip Fryslân en de gemeente Harns. It wetterskip nimt de Suder- en Noarderhavenpieren fan de gemeente oer. Dêrfoar krijt it Wetterskip 1,2 miljoen foar it ûnderhâld. Dat is fierstente min, seit de FNP. De partij is benaud dat de mienskip úteinlik opdraaie moat foar de kosten fan it ûnderhâld fan de pieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)