Krityk falt net goed by Mulder

04 maaie 2004 - 00:00

PvdA-deputearre Bertus Mulder is min te sprekken oer de krityk fan twa Fryske PvdA-promininten op it nije begjinsel- programma. Dat programma moat de basis wêze foar de wize wêrop't de partij aanst lanlik te wurk giet. Mulder is ien fan de skriuwers.

Earste-Keamerlid Bert Middel en steatelid Wietse de Haan, beide PvdA, hiene foar Omrop Fryslân radio in soad krityk op it stik. It soe te algemien en net skerp genôch wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)