Krityk Eastermar op swimplak

17 jun 2003 - 00:00

Eastermar is ûngelokkich mei de werynrjochting fan it swimplak oan de Burgumermar. Yn oerlis mei doarpsbelang is troch de gemeente besletten dat dat plak opknapt wurde soe. Dat is fan 't maitiid útfierd.

Tagelyk is der ek in wetterkearing oanlein. Dat is dien mei licht fersmoarge grûn mei dêryn in protte pún, glês en plastic. Benammen dat lêste, mar ek de hichte fan de dyk, is net goed fallen yn Eastermar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)