Krityk De Helfrichs op KNKB

17 aug 2014 - 14:51
  • Keatsen

Foarsitter Harmen Westra fan keatsferiening De Helfrichs yn Kimswert is teloarsteld yn it keatsbûn KNKB. De feriening woe graach in eksperimint oangean by de haadklasse partij fan snein troch it boppeslaan te beheinen. Se wolle dit om mear publyk te lûken. Mar it keatsbûn wol dêr neat fan witte.

Westra hat in pittich stik dêroer skreaun yn it programmaboekje. Hy seit dêryn dat it KNKB te behâldend is en gjin nije ideeën oannimme wol. Hy fynt dit frustrearjend.

De publike belangstelling by it keatsen nimt ôf. Neffens Westra wurdt it foar it publyk oantrekliker as it boppeslaan beheind wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)