'Krityk BFVW net terjochte'

29 jan 2003 - 00:00

Deputearre Anita Andriesen fynt dat de provinsje der alles oan docht om de provinsjale fergunning foar de jacht op de foks sa gau mooglik klear te krijen. Andriesen sei dat as reaksje op krityk fan foarsitter Osinga fan it BFVW.

Osinga tinkt dat de jachtfergunning wol ris te let komme kin foar in soad greidefûgels. De proseduere duorret te lang. Neffens Andriesen kin de provinsje dêr neat oan dwaan, om't se op it advys fan it Faunafûns wachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)