Krityk Baas op provinsje

10 des 2009 - 15:55
  • Boargemaster Ton Baas fan Boarnsterhim

De steaten tinke te maklik oer it ôfstjitten fan taken nei de gemeente. Dy kinne dat net oan, want ek sy moatte besunigje, seit boargemaster Ton Baas fan Boarnsterhim.

Baas makket him soargen oer de koers dy't de steaten ynsette by it debat oer watfoar taken de provinsje aanst útfiere moat. Benammen de provinsjale Partij van de Arbeid sjocht in wichtige rol foar de gemeenten. Alles moat lokaal regele wurde útsein as dat echt net kin. Baas is hjir kritysk oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)