Krityk Adema op bussjauffeurs

29 sep 2009 - 20:50
  • Soad animo foar OV-chipkaart

De bussjauffeurs fan Connexxion binne soms net goed op 'e hichte of jouwe ferkearde ynformaasje oer de nije OV-chipkaart. Deputearre Piet Adema is dêr lulk oer en hat de Rie fan bestjoer fan Connexxion op 'e hichte brocht.

Dy sil der no foar soargje dat de kunde fan de sjauffeurs oer de kaart ferbettere wurdt. Adema meldt fierder dat de belangstelling fan de Friezen foar de OV-chipkaart grut is, moandei op de earste dei binne al 600 ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)