Kristusbyld stellen by ynbraak

26 feb 2012 - 14:04

By in ynbraak yn Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein ûnder oare in Kristusbyld stellen. De ynbrekker of ynbrekkers kamen de wente oan de Archipelwei yn troch in rút stikken te meitsjen. Der misse ek noch in koperen klok, in byldskerm, in tal elektroanika-apparaten en cd's en dvd's.

De 76-jierrige bewenner hat oanjefte dien fan de stellerij. De ynbraak moat west hawwe tusken sneontemiddei healwei seizen en dy nachts twa oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)