Kristlik ûnderwiis komt yn aksje tsjin wet Werk en zekerheid

07 mrt 2016 - 05:53

It kristlik ûnderwiis yn Fryslân fiert dizze wike aksje tsjin de nije wet Werk en Zekerheid dy't op 1 july yngiet. Dy wet ferplichtet wurkjouwers om minsken nei trije tydlike kontrakten yn fêste tsjinst te nimmen. Mar basisskoallen wurkje in soad mei ynfallers om sykte en ferlof op te fangen. Der is gjin finansjele romte om dizze minsken yn tsjinst te nimmen. De skoallen sjogge grutte problemen as der bygelyks op 'e nij in grypgolf komt.

Ien fan de organisaasjes dy't fan 'e  wike aksje fiert is CBO Meilân. Dy fertsjintwurdiget fyftjin skoallen yn gemeente De Fryske Marren. De skoallen wurkje fan 'e wike strikt neffens de nije wet om sjen te litten wat de gefolgen yn de praktyk binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)