Kristenen op besite yn moskee

16 okt 2001 - 00:00

Kristenen ha tiisdeitemiddei op besite west by moslims. Yn de Turkse moskee yn Ljouwert binne beide groepen neier mei elkoar yn de kunde kaam. It doel wie om fan elkoar te learen en ynformaasje oer it leauwe út te wikseljen.

Mei de ynformaasje oer de moslims sille de dûmny's har gemeenteleden snein wer op de hichte bringe. It doel is om it begryp oer en wer te befoarderjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)