Krisisopfang Grou wurdt reguliere needopfang flechtlingen

14 nov 2015 - 11:10

De krisisopfang yn Oer 't Hout yn Grou wurdt in reguliere needopfang foar flechtlingen. Dat hat it COA sneon bekend makke. De organisaasje hat oerienstimming berikt mei Oer 't Hout om oant en mei 30 april 2016 maksimaal 195 flechtlingen op te fangen. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Ljouwert hat de yntinsje mei te wurken oan it plan.

Flechtlingen yn Grou
In wike lyn waard bekend dat der yn Grou in needopfang kaam foar flechtlingen. Ofrûne tiisdei kamen de flechtlingen oan yn it wetterhostel Oer 't Hout. It hostel koe oan maksimaal 200 minsken opfang jouwe. De flechtlingen soene op syn meast seis dagen bliuwe yn Grou. Dat wurdt no nei alle gedachten ferlinge.

Ynformaasjegearkomste     
Moandei wurdt der noch in ynformaasjegearkomste organisearre yn Grou. De ynwenners kinne fan 17.00 oere ôf terjochte yn Hotel Oostergoo foar fragen. Fertsjintwurdigers fan de gemeente, it COA, de plysje en wewillenwatdoen.nl binne oanwêzich.

Definityf beslút 
Tiisdei nimt it kolleezje fan de gemeente Ljouwert in definityf beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)