Krisisopfang gedrachsproblemen

12 des 2007 - 22:48

Bern mei gedrachsproblemen dy't foar ûnhâldbere sitewaasjes soargje kinne meikoarten opnaam wurde yn in krisisopfang. It giet om bern mei psychyske of sosjale problemen dy't thús of op skoalle net mear te hanthavenjen binne.

De bern wurde seis wiken opnaam yn de krisisopfang. Dêr krije se terapy en ek har âlden wurde begelaad. De opfang komt yn Tjallinga Hiem yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)