'Krisisoerlis gemeenten NWF'

29 apr 2013 - 16:04
  • Hjoeddeiske gemeentes yn Fryslân

De gemeenten yn Noardwest-Fryslân moatte sa gau mooglik mei-elkoar om tafel om te praten oer de fúzjeplannen fan de gemeenten. Dat seit boargemaster Veenstra fan Frjentsjerteradiel. It krisisoerlis is needsakelik no't yn ien fan de fjouwer gemeenten in mearderheid tsjin de weryndieling liket te wêzen.

Moandei waard bekend dat de PvdA-fraksje yn de gemeente Harns fan doel is tsjin te stimmen. De enkête dy't yn juny yn Harns hâlden wurdt, kin dat stânpunt noch feroarje, mar de ferwachting is dat dat net barre sil.

As Harns net meidocht moatte It Bilt, Menameradiel en Frjentsjerteradiel it sûnder in fúzjepartner dwaan. Neffens boargemaster Veenstra wurdt de basis dêrmei tige smel. Neist mei de gemeentebestjoeren, wol Veenstra ek prate mei de provinsje oer de sitewaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)