Krisisoerlis garnalefiskers

22 mrt 2011 - 11:19
  • Garnaleskip op de Waadsee

Yn Emmeloard is tiisdei krisisoerlis oer de boete fan 5,6 miljoen euro dy't de NMa de garnalefiskers oplein hat. Moandei waard bekend dat dy boete definityf is en dat gjin berop mooglik is. Yn de jierren '90 makken de fiskers ôfspraken oer de oanfier fan de garnalen, om te foarkommen dat de prizen ûnderút gean soene.

Neffens de NMa mocht dat net en waard de konsumint de dupe. De boete komt foar in Fryske garnalefisker del op 6500 euro de man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)