Krisis yn grientehannel groeit

03 jun 2011 - 17:05

De krisis yn de grientehannel wurdt hieltyd grutter, sa sizze kwekers en hannelers. Troch de útbraak fan de Ehec-baktearje en de geruchten dat it troch komkommers komme soe, leit in grut part fan de hannel stil. Benammen de eksport nei Noard-Dútslân en Ruslân hat flink te leien.

Ek yn Fryslân hawwe túnkers grutte skea fan de situaasje, benammen as har eksport op Noard-Dútslân rjochte is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)