Krisis yn de bou hâldt oan

10 aug 2010 - 11:48

It fakbûn CNV seit dat de krisis yn de bou noch lang net foarby is. Earst wiene de ferwachtingen dat de bou yn 2011 wer oanlûke soe, mar dat sil langer duorje. It fakbûn ferwachtet dat de wintermoannen foar de bou dit jier noch slimmer wurde as foarich jier.

Der ha yn Fryslân no al tûzenen minsken dien krigen. Nei alle gedachten komme der kommende tiid noch tûzenen by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)