Krisis yn bou hâldt oan

24 aug 2011 - 20:59

Der komt op 'e nij in fallisemintsgolf ûnder de Fryske boubedriuwen. Dy ferwachting hat foarsitter Marten Cornel fan brânsjferiening Bouwend Nederlân.

De situaasje op de finansjele merk is noch hieltyd ûnwis en de konsuminten jouwe ek minder út. Fierder krije boubedriuwen ek folle minder opdrachten fan wenningkorporaasjes, omdat dy it sels ek dreech hawwe. Cornel seit dat der tsientallen Fryske bedriuwen binne dy't dêr problemen fan ûnderfine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)