Krisis: wurk nei foaren helje

20 feb 2009 - 06:31

Wûnseradiel en Ljouwert kinne ynfrastrukturele projekten earder útfiere as de bedoeling wie, fanwege de ekonomyske krisis. Dat docht bliken út in ynventarisaasje dy't de Vereniging Nederlandse Gemeenten dien hat ûnder 150 gemeenten.

Wûnseradiel wol it útdjipjen fan it Makkumer Djip earder oanpakke. Ljouwert wol projekten mei in wearde fan mei elkoar 46 miljoen euro útfiere litte. Dat soe 1200 wurkplakken opsmite moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)