Krisis soarget foar grutte taname fan húslik geweld

21 apr 2015 - 16:12
  • Húslik geweld (foto-ympresje)

It tal meldings fan húslik geweld yn Fryslân is de ôfrûne trije jier hast ferdûbele. Dat hat helpynstânsje Fier Fryslân bekend makke. Trije jier ferlyn kamen der noch mear as 1500 meldings en no binne it goed 2600. Dat komt ûnder oare troch de krisis, dy't foar in soad stress soarget.

Om it groeiende tal gefallen fan húslik geweld oan te kinnen, hat Fier Fryslân mear jild nedich. De organisaasje hopet dat te krijen fan de Fryske gemeenten. De provinsjale subsydzje rint dit jier ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)