'Krisis slimmer yn it Suden'

18 jan 2009 - 12:35

De finansjele krisis sil hurder taslaan yn it Suden fan it lân en minder yn it Noarden. Dat seit professor Jouke van Dijk fan de universiteit fan Grins. Bepalend binne neffens him de opbou fan de yndustry en de tsjinstferliening.

Yn Limburch en Noard-Brabân sitte in soad bedriuwen dy't produsearje foar lúkseprodukten lykas kompjûters en auto's. Yn Fryslân, Grinslân en Drinte wurkje in soad minsken yn de soarch en it ûnderwiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)