Krisis slacht ta yn glêstúnbou

10 jun 2009 - 14:29

De glêstúnbou sit yn in grutte krisis dêr't in soad bedriuwen net goed út komme sille. Dat ferwachtet lân- en túnbou-organisaasje NLTO. De problemen komme troch de te lege prizen dy't betelle wurde foar bygelyks paprika's en komkommers.

Woansdei waard bekend dat ien fan de âldste túnkerbedriuwen fan Fryslân, Schiphof fan Berltsum, fallyt is. Se koene harren rekkens net mear betelje. Jack Luiten fan 'e NLTO tinkt dat mear túnboubedriuwen omfalle sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)