Krisis by basketbalklup Aris nei ferlies tsjin Amsterdam

03 des 2014 - 23:00
  • Aris Ljouwert

It is krisis by basketbalklup Aris. De ploech ferlear woansdeitejûn mei 97-89 fan Amsterdam. Amsterdam stiet lêste en hie nei njoggen wedstriden noch gjin inkele wedstriid wûn. Aris makke der in potsje fan yn it eigen Kealledykje.

Amsterdam hie by rêst in foarsprong fan sân punten en rûn dêrnei út nei in foarsprong fan 16 punten. Dochs knokte Aris him werom en kaam it sels noch in punt foar. Yn de einfaze woe it net mear en pakten de Amsterdammers harren earste oerwinning fan it seizoen.

Coach Tom Simpson wist it nei de wedstriid ek net mear: "Ik ben er nu even klaar mee. De houding, de instelling, de wil om te winnen; het ontbreekt allemaal. We moeten allemaal in de spiegel gaan kijken."

Ek Aris-spiler Tjoe de Paula wie lulk: "Er moeten wel maatregelen genomen worden. Sommige spelers begrijpen niet dat miljoenen mensen professoineel basketballer willen zijn. Maar daar moet je wel wat voor doen. Professioneel worden."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)