Kringloopwinkel sa populêr dat parkearders oerlêst jouwe

15 jun 2015 - 12:36
  • Gefaarlike ferkearssituaasje
  • Kringloopwinkel Pikulan yn Surhusterfean

De nije winkel yn twaddehâns guod Pikulan yn Surhústerfean is sa'n súkses dat der ferkearsoerlêst ûntstiet. Neffens de fraksje Gemeente Belangen Achtkarspelen binne der ûnfeilige situaasjes. Om't der te min parkearplak is, sette de besikers harren auto oan beide kanten fan De Dellen del. Mar dat hinderet it oare ferkear, lykas fytsers en de streekbussen.

De fraksje wol no fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte wat dy oan de sitewaasje dwaan sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)