Kringloopwinkel as ôffaldump

29 jan 2008 - 10:19
  • De kringloopwinkel yn Surhústerfean

By kringloopwinkel Pikulan yn Surhústerfean binne wer meubels, in matras en flierbedekking achterlitten. De ôfrûne wiken is der ferskate kearen nachts ôffal en ûnbrûkber guod dumpt. It spul wurdt foar de doar delset. De stichting Pikulan draait foar de kosten fan it oprêden op.

De meiwurkers tinke dat it dumpen te krijen hat mei it ôffalstoart Lutkepost by Bûtenpost. Guod dêr ôfjaan kostet sûnt in skoftsje jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)