Kringloopwinkel Harns jier nei grutte brân wer iepen

12 sep 2015 - 15:07
  • Yn augustus baarnde de Omrinwinkel folslein ôf

Goed in jier nei de grutte brân giet de kringloopwinkel yn Harns wer iepen. De Estafettewinkel is op itselde plak werboud. De offisjele iepening is op 3 oktober. Eigener Omrin is noch wol op syk nei guod om de winkel mei yn te rjochtsjen. Minsken wurdt dêrom frege om ûnder oare meubels, fytsen, diggelguod en klean te skinken.

Yn july ferline jier baarnde de loads dêr't de Estafettewinkel yn festige wie, folslein út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)