"Krimp yn Fryslân set troch"

13 nov 2015 - 08:37

De krimp yn Fryslân set de kommende jierren troch. It tal ynwenners sil yn 2030 2% minder wêze en yn 2040 sil dit sels 5,5% wêze. Dit is de prognoaze fan it Frysk Sosjaal Planburo.

Benammen Noard Fryslân, Súdeast Fryslân en de Waadeilannen sille krimpe. Skylge en Skiermûntseach falle dêryn it measte op. Skylge ferliest 20 prosint fan de befolking as de ferwachtings útkomme en Skiermûntseach 26 prosint. Neist krimp, is der op de Waadeilannen ek sprake fan fergrizing.

It Frysk Sosjaal Planburo makket in kanttekening by de krimpsifers. "Hoe lytser de gemeente, hoe ûnbetrouberder de prognoazes binne foar de lange termyn", seit ûndersykster Wilma de Vries.

Fryske gemeenten dêr't gjin sprake is fan krimp
De gemeenten Ljouwert, De Fryske Marren, Smellingerlân en Frjentsjerteradiel sille wierskynlik wat groeie. De reden hjirfoar is ûnder oaren dat yn dizze wat mear ferstedske gebieten mear wurkgelegenheid is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)