Kriminaliteitssifers op it net

19 aug 2008 - 11:36

It CDA yn Ljouwert wol fan it gemeentebestjoer witte wêrom't de kriminaliteitssifers yn de gemeente noch hieltyd net op ynternet te finen binne. Ljouwert kundige trije jier ferlyn oan mei in webside te kommen dêr't de sifers op publisearre wurde soenen. Ek lanlike kranten skreaunen doe oer dat inisjatyf.

De webside is der lykwols noch altyd net. It CDA wol no fan it gemeentebestjoer witte wat dêr de reden fan is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)