Krijt rapper Hozny straf foar meitsjen Wilders-fideo?

07 nov 2014 - 10:25
  • In byld út de klip

De 27-jierrige Snitser rapper Hozny krijt freed te hearren oft er straf krijt foar it bedriigjen fan PVV-lieder Geert Wilders. Om 13.00 oere docht de rjochtbank yn Den Haach útspraak yn de saak. It Iepenbier Ministearje hat 80 oeren wurkstraf en twa moanne finzenisstraf ûnder betingst tsjin him easke.

Yn maart fan dit jier pleatste Hozny in fideoklip op ynternet. Dêryn wie te sjen dat in man dy't op Wilders liket, twa fjoerwapens tsjin syn holle krijt. Oan de ein fan de fideo is in skot te hearren en giet it byld op swart.

Wilders hat oanjefte dien. Neffens Hozny is de klip in reaksje op de 'minder-minder' útspraken fan de PVV-lieder by de gemeenteriedsferkiezings. Doel wie om te sjokkearjen, net te bedriigjen, sa seit er.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)