Krijt de Waadsee nei 3 jier in eigen boerd by de sneldyk?

26 nov 2015 - 10:38

Der leit no in definityf ûntwerp foar de buorden fan Wrâlderfguodgebiet de Waadsee. De buorden moatte minsken fan de sneldyk ôf rjochting it gebiet liede. Der is al trije jier oerlein oer dat ûntwerp mei Rykswettersteat want it komt hiel krekt, seit Wrâlderfguod-oanjager Sjon de Haan. Hy hopet no al grien ljocht te krijen fan Rykswettersteat.

Tongersdei is it Waad as Wrâlderfguodgebiet in wichtich tema op de saneamde Waadfûnsdei yn Grins. It Waadfûns is der ea kaam as kompensaasje foar de gaswinning ûnder it Waad.

De provinsjes gean hjoed-de-dei oer de ferdieling fan it jild. Dat wurdt brûkt om ekology en ekonomy yn it gebiet te stypjen.

Yn de takomst sil it fûns mear ynsette op grutte projekten dy't meardere jierren duorje, seit deputearre Klaas Kielstra. Hy is foarsitter fan it Waadfûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)