Kresj mei fingerprintdetektor

07 okt 2008 - 17:24

As ien fan ´e earste berne-opfangen yn Nederlân hat De Kinderkei yn Wolvegea in saneamde fingerprintdetektor. Minsken dy´t har fingerprint net registreard hawwe by de opfang, komme der net yn. As je der ynkomme, falt de doar yn ´t slot en dy is mei in knop wer te iepenjen. Feilich en praktysk, fine âlden en begelieders.

Gefolch fan in tagongssysteem mei fingerprinten is wol dat der tsien begelieders en 60 pear âlden registreard wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)