Kremearje hieltyd populêrder

02 sep 2011 - 16:27
  • Sa komt it nije krematorium der út te sjen

Hieltyd mear Friezen litte har kremearje. Wie it 10 jier lyn noch net iens de helte, no kiest hast twatredde foar in kremaasje. Undernimmers rûke kânsen en sadwaande wurdt der wer in nij krematoarium boud by Marsum.

Faber Uitvaartzorg út Wommels hat hoarekabedriuw Andringastate kocht om der in útfeartsintrum fan te meitsjen. It krematoarium wurdt achter de pleats boud. De kosten wurde rûsd op mear as fjouwer miljoen euro. As alles goed giet kin oer in heal jier boud wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)