Krematoarium Marsum tichteby

04 apr 2012 - 22:40

De komst fan in krematoarium by Marsum is wer in stap tichterby. De gemeenteried fan Menameradiel is woansdeitejûn yn mearderheid akkoart gien mei in wiziging fan it bestimmingsplan. It plan foar in krematoarium en útfeartsintrum komt fan Faber Uitvaartzorg út Wommels. Faber hat mei dat doel it hoarekabedriuw Nij Andringastate kocht.

PvdA en Grienlinks hiene beswieren tsjin it ombouwen fan it hoarekabedriuw, ûnderoaren omdat der krekt ynvestearre is yn de Alvestêdefarrûte.

De Alvestêdefarrûte komt dêr lâns en de boatsjefarders soene wol ferlet hawwe fan hoareka.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)