Krematoarium by Marsum mei

27 mrt 2013 - 10:36
  • Untwerp fan it nije krematoarium by Marsum

De Raad van State hat beswieren tsjin de bou fan in krematoarium by Marsum ôfwiisd. In tal omwenners hie beswier makke tsjin de fergunning dy't de gemeente Menameradiel foar de bou ferliend hie. De omwenners wiene benaud foar oerlêst troch de útstjit fan it krematoarium en foar ferkearsoerlêst.

De Raad van State is dat net mei har iens. It krematoarium by Marsum komt op it plak fan partysintrum Nij Andringastate. Doel is dat it der ein dit jier stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)