Krematoarium Marsum klear

07 jan 2014 - 12:38
  • Krematoarium (foto-ympresje)

It krematoarium yn Andringastate by Marsum is úteinsetten. De offisjele iepening is ein jannewaris, mar de earste kremaasjes hawwe al west. De start hat fanwege beswieren fan omwenners oardel jier langer duorre.

De Fabers, dy't al lang yn de útfeartfersoarging sitte, kamen op it idee foar in eigen krematoarium fanwege de tiidsdruk by oare krematoaria. By Andringastate krije neibesteanden de tiid. Der is plak foar 500 minsken en is dêrmei it grutste krematoarium yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)